Mira har heit en mem ha in hotel kocht op in eilân dêr 't hast altyd de sinne skynt. Mas as se dêr oankomme, wol gjin taksysjauffeur jar der hinne bringe. De minsken wurde al bang as se de namme fan it hotel hearre! Gelokkich is der in jonge, Ricardo, dy't it wol oandoart. Fan him heart Mira dat de rin tovener yn in hotel wennet. Mar wat falt dat hotel ôf, it is der in binde! Heit, mem en Mira moatte hurd wurkje om it allegearre wer skjin en kreas te meitsjen, want oer trije moanne komme de earste gasten. Omdat Mira mear witte wol oer de toverner, siket se him op. Se komt foar grutte ferrassingen te stean, mar dan set se in âlde hoed op, de betoverhoed...