De 16-jierrige Willem komt fan Teksel. Hy wennet net mear by syn âlden op it eilân mar oan de wâl by famylje. Willem is lilk op syn heit en wol him net sjen. As syn mem op besite komt soarget er dat er net thús is. Hoe komt dat allegear sa? Willem giet op syk nei syn ferline. De syktocht giet ek om it ferline fan syn heit. Syn freon op skoalle is Liban, in ama, allinnesteande minderjierrige asylsiker. Dy betsjut in protte foar Willem. En dan binne Angelique en Marij der ek noch... Stikje by bytsje wurdt de puzzel fan it ferline dúdlik. Sterke skouders ferskynde yn 2004. De skriuwster sette it boek sels oer yn it Nederlânsk. Sterke skouders is in knappe jeugdroman oer heit-soan relaasje Jant van der Weg yn it Frysk Deiblêd De Jong is goed in het blootleggen van emoties als verliefdheid en beginnende vriendschap. Ze schrijft levensechte dialogen waarin het ongemak voelbaar is omdat ze vooral veelzeggend zijn door wat niet wordt verteld. Monique Snoeijen yn de NRC