De bisteboel fan Omke Roel is in muzikaal printeboek mei 23 ferskes en ferhaaltsjes. Om foar te lêzen of om sels te lêzen. Mei in cd, mei dêrop ferskes oer alle bisten dy't op de pleats fan Omke Roel wenje. Thys Wadman skreau in prachtich ferhaal mei de súksesfolle bistelietsjes fan Hindrik van der Meer as útgongspunt. Kees van der Meer makke nije arranzjeminten by de ferskes en Natascha Stenvert soarge foar de sfearfolle yllustraasjes. Ynhâld: 1. Kninedûns 2. Tillefoan foar Moltsje Mol 3. Bijke 4. Hintsje Kokkelintsje 5. Kweklietsje 6. Efter de pleats 7. Miggefangersliet 8. De wiggel-waggel-wibel-bear 9. Tys Tekkel 10. Ealjebij 11. De protter op ús dak 12. Mûzedûns 13. De bisteboel fan omke Roel 14. Stek de stikelbaarch 15. Sweltsjes 16. Ingeltsje Pingeltsje 17. Flinterke fleugelstip 18. Fiskje yn it wetter 19. Us kanary 20. Kees Kikkert 21. Lietsje foar in pronkpau 22. Slak 23. Bistemuzykkorps