' Nee hear, wij mochten eartiids op skoalle net Frysk prate. As wy net Nederlânsk praten tsjin master, sei er gewoan neat werom.' Dit hearden wy fan bewenster út it fersoargingshûs Brugchelencamp yn de Westerein doe't wy dêr wiene om in tal fraachpetearen foar dit boek te hâlden. Doe dat ien fan de redenen wêze kinne dat der noch altyd o sa'n ferlet is fan Frysk materiaal doar dizze doelgroep yn de âldereinsoarch? Frysk prate dogge de bewenners yn alle gefallen omraak! Sy koene ús de prachtichste ferhalen fertelle oer harren bernetiid. Omt dit earste diel út de Beltsjeblomrige as tema Skoalle hat, kamen se spontaan oer harren aventoeren mei masters wy al gau efter: foar straf yn it turfhok, master dy't mei de lineaal op de fingers sloech, grieme mei de inktpot en de letterkes fan de lêsplanke rúgelje litte. Mar it wie fansels net allinnich mar kommer en kwel, de trije froulje dêr't wy in fraachpetear mei hiene, bewarje moaie oantinkens oan de skoalletiid.