Dé ferrassing fan 2008: in mei daverjende gong skreaune debútroman oer Fryslân en Amearika. Wa’t begjint te lêzen, hâldt net wer op foardat hy of sy dit boek út hat. De lotgefallen fan de twillingen Tsjalling en Tseard van der Zee, twa boeresoannen dy’t yn ’e tritiger jierren nei de Feriene Steaten ta sille om harren emigrearre omke Hotse fan de ûndergong te rêden, bliuwe de lêzer noch lang by. It hurde boerelibben, de spanning en de romantyk yn Fryslân, Californie en Montana binne in ferfilming wurdich.