Yn it begjin dreamde ik en nachts sakke ik nei in djipblau fjild mei stjerren. As in protterke lei ik yn 'e stobbewylch, sliepte mei tizebosken yn it hier en sobbe op 'e tomme. Har grien tek wappere as in grut gerdyn tusken my en de wrâld. Letter soe ik wol grut wurde.