As in mûs op de rêch fan in hynder fiel ik my, sa lyts.Ast it wolst kin ik in keunstke dwaan: dûnsje op de hynstekont, mei losse hannen springe oer it sadel, op de kop skommelje oan de stiichbûgel, mei de eagen ticht hingje oan de sturt…Mar leaver soe ik ride wolle, yn galop troch de bosk, wyn yn de noasters, skom op de snút.