Op in eilân yn de Marhernster mar kampeare jonges út 'e stêd. In soad wille belibje se net oan har fakânsje, want it is striemin waar end e tinte is lek. Sadwaande skypje de kampearders kjeld. Foaral Hein is der min oan ta. Sytse en Hylke, dy't mei de Kameleon bu de jonges sjogge, binnen gau neret en roppe dokter derby. Dy nimt Hein mei nei de fêste wâl: de jonge hat longûntstekking en moat fuortdaliks nei it sikehûs. As Gerben it ferhaal heart, wit er dat it oars kin. Hy komt mei it idee om it âld beurtskip fan Wierda op te keapjen en om te bouwen ta driuwend hotel. En dat is net it ienichste idee fan Gerben.