Fryslâns ferline jout in oersjoch fan de skiednis fan Fryslân fan iistiden oant no. Alle wichtige tiidrekken út de Fryske skiednis komme oan de oarder: de prehistoarje, de terpetiid, de Romeinske tiid, de midsieuwen, Fryslân as gewest yn de Republyk fan de Feriene Nederlannen en as Nederlânske provinsje ein 20ste ieu. De tiden wurde behannele neffens in fêst tal tema's: hoe wenje de minsken, hoe giet it ekonomysk, hoe sit it bestjoer ynelkoar, hoe giet it ferkear en ferfier, hoe is de soarch foarelkoar regele, wat is de tinkwrâld en wat binne de kulturele uterings?