Lochman Raven hat beropsmilitér west oant er by in fredesmissy ferwûne rekke. Untidich komt er ut tsjinst. Nei it ferstjerren fan syn heit, wennet er yn it âlderlik hûs oan de âlde seedyk fan de eardere Lauwersee. Lochman wurket as wyldbehearder yn it natuergebiet fan de Lauwersmar. Op in dei komt der in man by him oan 'e doar. It blykt syn broer Teves te wezen.