In kop as in almenak

Nieuw en tweedehands

Koop nieuw online

Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten op de wâl en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen. Yn 'In kop as in almenak' besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen. Sadat net alles ferlern gean sil. In frou besjocht har mem en tinkt: "Dizze frou hat dy droegen, dy berne, dy oan it boarst hân. Dyn ruften hat sy wosken, oan de line hongen en strutsen yn 'e kast lein." Dy mem is no âld en ferjitlik oan 't wurden. Yn "In kop as in almenak" besiket de dochter it libben fan har âlden fêst te lizzen om sa noch wat oer te hâlden. De wize wêrop 't de skriuwster soks oanpakt is fierhinne briljant. Gjin sljochtwei ferhaal, mar oanienwei assosjatyf wurdt it eardere libben fan skippersbern oproppen en ferbûn mei it beheinde libben fan in âld minske, dy't de dyk hast net mear útkomt. Ut: resinsje Leeuwarder Courant, 19 july 2013 fan

Verkopen

Heb je een exemplaar van dit boek in jouw boekenkast staan? Gun dat boek een tweede leven en biedt het te koop aan op Boeken-tweedehands.nl
Verkoop
Dit is 9 keer bekeken en door 0 gebruiker(s) als favoriet bewaard.

Tweedehands exemplaren

Van dit zijn nog geen tweedehands exemplaren beschikbaar.

Zie ook


Boeken-tweedehands.nl maakt gebruik van cookies.
Accepteren Meer informatie