Lederwyntsje wennet mei har pake en har geit Kekke yn in spitkeet. As pake op in dei fuortgiet mei syn hannel yn potten en pannen en net weromkomt, giet se him mei Kekke achternei. Op har syktocht komt se telâne by Meeps, Line en Kwikke, trije wite juffers mei magyske kreften. Der untdekt Lederwyntsje dat sy ek bysûndere kreften hat, dy't har uteinlik noch goed fan pas komme by it weromfinen fan pake.