Dit is in ferhaal oer in wrede, hurde iid. Hiel Fryslân, mar foaral de súdeastlike grinsgebieten hawwe slim te lijen fan de oarlochshannelingen yn de Tachtichjierrige Oarloch. Moard, plondering en ferkrachtingen binne soms oan de oarder fan de dei. De ynwenners fan Jobbegae-Skuregea binne dan ek net bliid as midden yn 'e winter de swier ferwûne wachtmaster Koene Franken by harren brocht wurdt. Se hawwe eins gjin nocht om him op te nimmen en te fersjoargjen. Mar as bliken docht dat hy in omkesizzer is fan de âlde pastoar Klaas, sjogge se wat oars tsjin him oan.