Yn de rige 'Skriuwers yn byld' fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert is it seisde diel wijd oan de ferneamde dichter Obe Postma (186801963). Postma ûntjoech him yn 'e rin fan syn lange libben ta de belangrykste dichter fan en oer Fryslân. Hy waard berne yn it doarpke Koarnwert oan de Sudersee en studearre wis- en natuerkunde yn Amsterdam. Oant syn pensjoen wied er learaar wiskunde oan de Rysk-HBS te Grins. Om 1900 hinne begjint er te dichtsjen. Syn ûnderwerpen en ynspiraasje fynt er yn it gewoane libben: it boere- en arbeidersbestean fan syn tiid en út earder ieuwen. In rak mei linnenguod, bloeiende greiden, dampjende dongbulten, spinreach dat yn it ljocht dûnset: al dy hiele gewoane dingen krije yn syn fersen in tiidleaze glâns dy't ek de lêzer fan hjoeddei noch yn 'e besnijing hâldt. Sûnt likernôch 1912 hâlde er him elk yngeand dwaande mei de skiednis fan boerepleatsen en minsken yn Fryslân.