Om priis en eare It hurdsilen foar fearskippen, fracht- en beurtskippen en skûtsjes bestiet al sûnt 1804. Histoarikus Gosse Blom hat mear as tûzen útslaggen boppe wetter helle. Nammen fan bekende en ûnbekende skippers binne fêstlein. Fan mear as 100 skûtsjes binne no de prestaasjes bekend. Alle kampioenskippen fan SKS en IFKS. En in list fan skippen dy’t omslein binne. Mei in wiidweidige ynlieding en registers op persoans-, skip- en plaknamme. En mei seldsume yllustraasjes. 192 siden.