Foar keatspakes en pake's keatsersIt is in wike foar de grutte keatspartij foar jonges, de spanning nimt ta. Inpake wol syn pakesizzer in horloazje skinke, dat er sels mei ’t keatsen wûnhat. As de pakesizzer it klokje út in doaze hellet fi ne se ek in histoaryskePC-foto út 1939.Pake fertelt wiidweidich oer de mannen op ’e foto. Wolris wat te wiidweidich,want pake moat net folle fan dûmnys hawwe, mar at er sels oan ’t preekjenslacht… “Op ’e tribune” giet oer skiednis, solidariteit en sitballen, mar de pakesizzer is fral ynteressearre yn sitballen. Hy fertelt pake oer de heit fan ien fan syn maten dy ’t him fi erste folle mei ’t keatsen bemuoit en syn soan op ’e senuwen wurket. Pake betinkt in manier om de fanatike heit tydlik bûtenspul te setten.