As Andrys van der Keur nei in oppassend libben yn 'e himel komt, blykt it dêr in soadsje te wêzen. It bewâld wurdt net fierd troch God, mar troch Bismarck, Petrus en Jehannes, en der is gjin sprake fan oarder en tucht, earder oarsom. Andrys nimt de taak op him om ris fiks regaad te meitsjen, mar krijt derby mei hiel wat partijen en harren belangen te meitsjen.