De Utopia jout hope op in bettere wrâld. It boek bestiet út twa parten. Yn it earste part sketst More allegear misstannen, dyt ús tsjintwurdich ek net hielendal ûnbekend binne: woekerferkeap fan produkten, misbrûk fan minsken, ymmorele spekulaasje, selsferriking, mar ek berne-arbeid, wat yn Europa fierhinne útballe is mar oars op e wrâld noch rûnom foarkomt. De elite dyt ferantwurdlik is foar it belied is foaral dwaande mei selsferriking en bekroadet him net om de sosjale ferhâldingen. Fjouwer ieuwen letter sil Marx itselde sizze. Yn it twadde part sketst Thomas More in bettere wrâld. De wurkdei bestiet út 5 oeren, dat minsken tiid oer ha om harsels te ûntwikkeljen. Der binne ek goede mooglikheden om te reizgjen, fan baan te wikseljen en te studearjen. Opfallende skaaimerken fan Utopia binne fierder:Der is frijheid fan godstsjinst.Eutanasy is tastien foar deasike minsken dyt har lijen net mear ferneare kinne.In moai foarbyld fan e omkearing fan wearden yn Utopia is dat