Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma

Nieuw en tweedehands

Koop nieuw online

It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn - letterlik - tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy't slim ôfwykte fan de gongbere. It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken. Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns ('Fûûns fwar it Frysk'). Meiwurkers: Henk Meijering Alex Riemersma Jarich Hoekstra Philippus H. Breuker Arjen Versloot Jan Noordegraaf Anne Dykstra Hindrik

Verkopen

Heb je een exemplaar van dit boek in jouw boekenkast staan? Gun dat boek een tweede leven en biedt het te koop aan op Boeken-tweedehands.nl
Verkoop
Dit is 45 keer bekeken en door 0 gebruiker(s) als favoriet bewaard.

Tweedehands exemplaren

Van dit zijn nog geen tweedehands exemplaren beschikbaar.

Zie ook


Boeken-tweedehands.nl maakt gebruik van cookies.
Accepteren Meer informatie