Wolken fan wol is in bewurking fan seis ferhalen út de ferneamde Metamorfoazen fan de Romeinske skriuwer Ovidius (43 f. Kr. – 17 n. Kr.). It giet oer de machtsstriid tusken goaden en minsken en it blykt dat goaden krekt sokke swakke karakters hawwe as stjerlingen: se binne faak jaloersk, dom, erchtinkend en benammen opljeppend. Wa’t mar efkes in foet ferkeard set fynt himsels werom yn it lichem fan in bist, beam of blom.